Skriuwst dyn Lytse Oarloch

 

Soest leaver in oar boek skriuwe - swider, djipper, moaier. Soest it dan neame ‘dit binne de flokken en gebeden fan ’e lytse man tsjin de grutte oarloch oer, dit syn sangen, dit is DE  BIBEL FAN DE OARLOCH’. De oare deis soest neat leaver as dyn pinne stikken stampe - it is opwinend soks, mar bist ferplichte en keapje de oare deis in nije pinne – want skriuwe dochst dochs, it is in natuerlik ferlet. De iene minske flokt him dea, de oare rint syn kop stikken tsjin ’e muorren oan.

           

Do skriuwst dyn Lytse Oarloch.

 

tebek